It gebeurde wol faker, dat ik te lang mei wat trochgie. 'Sille wy in spultsje dwaan,' hie ien sein, healweis dy sneintemiddei, yn dy lytse studintikoaze keamer oan de Fiskmerk. 'Wa't it langst stil wêze kin.' It doel wie fansels om de bern kalm te krijen, dy't mar omtjirgen en al twa glêzen omgoaid hienen. It begjint mei in spultsje. Mar de ik-persoan út it ferhaal fan Nyk de Vries, in jonge frou, giet troch, bliuwt swijen, jierrenlang. 'Sille wy in spultsje dwaan?' wurdt yn Boekekast foarlêzen troch Nynke Heeg. De podcast Boekekast slút yn 2022 oan by Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Acht fan dy ferhalen binne te hearren yn Boekekast, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
Gemaakt door: Omrop Fryslân Eerste aflevering: 20-11-2022
De podcast Boekekast heeft in totaal 32 afleveringen
Maker: Omrop Fryslân Datum: 10-06-2022
Maker: Omrop Fryslân Datum: 16-06-2022
Disclaimer: De podcast (artwork) is geembed op deze pagina en is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast. Deze is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl. Voor reclamering dient u zich te wenden tot de eigenaar/ maker van deze podcast.