Lykas de rûzjende beek yn 'e djipte meänderet de werklikheid achter harren oan, it oantinken oan wat west hat, fongen yn it ljocht fan in sinne dy't sûnt jier en dei smoart yn it wolketek dat de ierde omklammet, in beroete each, dat de trije flechtlingen kinne amper sjen wêr't se har fuotten delsette moatte. Yn it ferhaal 'Fan bosk en iepen fjild' folget skriuwer Koos Tiemersma trije klimaatflechtlingen op har paad nei... ja, wêrhinne? Is der noch hoop? Ien fan harren, Tiede, fertelt ferhalen, wittend dat sûnder foarútsjoch de minske ferlern wêze sil. In fertelling as tsjingif. It ferhaal is foarlêzen troch Sjoerd Bottema. Boekekast wurdt makke troch Karen Bies yn oparbeidzjen mei it projekt 'Uitgesteld Geluk' fan Ljouwert UNESCO City of Literature.
Gemaakt door: Omrop Fryslân Eerste aflevering: 20-11-2022
De podcast Boekekast heeft in totaal 32 afleveringen
Maker: Omrop Fryslân Datum: 12-06-2022
Maker: Omrop Fryslân Datum: 01-07-2022
Disclaimer: De podcast (artwork) is geembed op deze pagina en is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast. Deze is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl. Voor reclamering dient u zich te wenden tot de eigenaar/ maker van deze podcast.