Training 1 20 minuten hurdrinne Wy binne oankaam by wike 13, de lêste fan ús training. Dizze wike mar ien training fan 20 minten hurdrinne. Foar de lêste kear: hurdrincoach Jaring de Groot oer de generale repetysje De wike fan de wierheid. It is no eins wachtsjen op snein. Besykje de wike safolle mooglik te relativearjen en sjoch út nei snein datst ien fan de gelokkigen bist om mei te dwaan oan de Simmer yn Fryslân-loop, ûnderdiel fan de BurgumRun. Noch in oantal tips foar snein: • Betiid fan bêd en genietsje fan in goed moarnsbrochje. • Soargje derfoar datst genôch drinkst. • Sjoch nei it waar wat foar hurdrinklean datst oan ha moast. Lis dyn hurdrinklean en -skuon klear. • Nim noch wat te iten mei foar ûnderweis of krekt foar de start. Nim ek in bidon mei wetter of sportdrank mei. • As it mooglik is, kom dan op de fyts. Dat is maklik parkearje en sa hast ek automatysk al wat dien oan de warming-up. • Kom op tiid! Soargje datst om 13.30 oere op it terrein fan de Elektrisiteitssintrale yn Burgum bist (Koumarwei 2). • Dan kinst dyn startnûmer ophelje yn de ynskriuwtinte op it terrein. Dit startnûmer makkest mei spjelden (krigest der by!) fêst op de foarkant fan dyn shirt. • Kinst dy omklaaie yn spesjale klaairomtes op it terrein. • Nim dan de tiid foar de warming-up. • Nei de start fan de Simmer yn Fryslân-loop. • Besykje yn it startfak in goed plak te finen. De flugge rinners foaroan en de rest dêrachter. • Nei de start rinst automatysk oer de matte dy't dyn starttiid registrearret en rin dêrnei yn dyn eigen tempo. Genietsje foaral ek fan de moaie omjouwing. • Underweis binne der twa fersoargingsposten en nei de finish ien. Meitsje hjir gebrûk fan. Der is wetter en sportdrank. • Nei ôfrin krigest in oantinken oan de Simmer yn Fryslân-loop. • Kinst dy wer omklaaien. Der is ek gelegenheid om te dûsen. Sukses! Jaring de Groot
Gemaakt door: Omrop Fryslân Eerste aflevering: 30-07-2023
De podcast Fit mei Femke sûnder muzyk heeft in totaal 36 afleveringen
Maker: Omrop Fryslân Datum: 26-08-2015
Disclaimer: De podcast (artwork) is geembed op deze pagina en is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast. Deze is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl. Voor reclamering dient u zich te wenden tot de eigenaar/ maker van deze podcast.