Aflevering Winterspesjal Trije. Boat.

· Aflevering van de podcast: Wekker wurde yn de pipowein op snein

We ha it acht oere. Mei beammen en snie bestroaide rotsen lûke traach oan my foarby. Binnen rommelt en trillet it troch de swiere dieselmotoren die’t it tjien ferdjippingen tellende flaggenskip ‘Galaxy’ fan de firma Tallink Silja fan Turku richting Stockholm triuwe. Myn nekke docht sear. Ik sit yn in soarte fan kitscherige ballroom mei musiek fan Louis Armstrong op de achtergrûn. Bûten is alle kleur djip yn de Baltyske See sonken. Alles is grijs, yn ferskate tinten fan ljocht oant tsjuster. Allinich de knipperjende boeien litte romte foar in matte gieltint. Ik bin in ferdjipping sakke. We ha it ynmiddels olve oere oppe klok en dat betjut kofje. Yn de Seapub binne de earste reizigers ol aardich yn de oalje. Ik besocht dêr sakrekt in kofje te bestelllen. Neidat in keale man mei in lyts burdsje in vodka jus en in heale liter bier ôfrekkene mocht ik myn bestelling trochjaan. De man yn ljochtblau ‘Silja’ outfit die’t hjoed it ofrekkenjen foar syn rekkening nimme mocht, hie in wetteriche blik yn syn eachen. Iets die my fermoeden dat de man justerjûn oan de oare kant fan de tap siet. ‘Can I have a coffee”? De fraach like de man te ferrassen. ‘Kofje”? op dit moment fan de dei? Rûnom yn it kafé glinsterenden de healfolle glêzen bier. Op it warmhâldplaatsje stiene twa hast net oanrekke kannen fol kofje. De man die in stap yn de richting fan de kofje, seach efkes, en draaide sich wer om nei mei, mei de boadskip: “try it at the pianobar, they have better coffee over there". Ik respektearre syn earlikheid. Yn myn eachhoeke seach ik in groepke frouen meideinzen op in nûmer fan de troubadoer. Olve oere moarns en lichtelijk oansketten meisjonge mei de troubadoer. Ik hie it dizze moarn net opbringe kinnen. Toch herkende ik it gefoel, omdat ik dizze simmer, krekt wat letter op de dei, oere as trije midjes, tegearre mei in Fin yn de boat fan Helsinki nei Tallinn nei twa heale liters bier “Hotel California" lûdkiels oan it meisjongen wie. Dat fylde doe hiel befrijdend foar mei. It sil de simmer west ha. No fyl ik my lyk as it waar hjoed, griis en kâld. De kofje ha ik úteinlik helle yn in oar Kafeetsje, ‘Fastlane’, omdat de pianobar slûten wie. Ik ha krekt myn earste mok leechdronken. Neist mij stiet in oanfretten stikje taart. It is best in aardich taartsje, mei trije ferskillende smaken en kleuren. Ik sil sa foar de refill want dat mocht fan de frou achter de kassa. Ik sjuch no nei haar kont. Se is oan it ôfrekkenjen. Oan de oare kant fan de toanbank sjuch ik in frou stean yn in grize sweater, mei derachter in frou mei holledoek. Se pielt wat om mei twa foarken. It is hjir op de boat in moai plak om minsken te besjen. Ik mei der ek graach wat fan fine. “Werom frette se safolle sûker, werom altyd dat gesûp, werom safolle bern" en gean mar troch. Ik soe graach wat faker objektyf nei minsken sjen wolle, mei krekt wat mear romte foar leafde en begrip en minder foaroardielen. Ik sju nei bûten. It is krekt wat ljochter mar like griis as twa oeren lyn.

Speelgoedwinkel
Wekker wurde yn de pipowein op snein

Wekker wurde yn de pipowein op snein

Gemaakt door: Jeroen Wiersma Eerste aflevering: 07-05-2023

De podcast Wekker wurde yn de pipowein op snein heeft in totaal 19 afleveringen

Vorige aflevering

Wekker wurde yn de pipowein op snein winterspecial 2: Kryst

Wekker wurde yn de pipowein op snein winterspecial 2: Kryst

Maker: Jeroen Wiersma Datum: 25-12-2021

Volgende aflevering

Winterspesjal 4: Hout

Winterspesjal 4: Hout

Maker: Jeroen Wiersma Datum: 15-01-2022

Soortgelijke podcasts

Disclaimer: De podcast (artwork) is geembed op deze pagina en is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast. Deze is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl. Voor reclamering dient u zich te wenden tot de eigenaar/ maker van deze podcast.

Winterspesjal trije. Boat.

Wekker wurde yn de pipowein op snein · 08-01-2022

00:00 00:29:32