Fan Las Palmas nei de Antillen giet it yn earstoan poerbêst. It is spitich dat harren radio it net mear docht, mar och... sa slim is dat dochs net? Op 5 desimber fiere de keardels noch in alternatyf Sinteklaasfeest en se ha net yn de gaten dat se 'hot news' binne yn Nederlân: trochdat der gjin radioferkear mear is, wit de famylje net wêr't se binne en oft se noch wol op de oseaan farre. Alle aktualiteiteprogramma's berjochtsje deroer en Radio Scheveningen docht in oprop oan skipfeartferkear om út te sjen nei de Yerke. Dat slagget: se wurde opmurken troch in Liberiaansk skip en it thúsfront wurdt gerêststeld. Se binne dan hast op de einbestimming. Yn it sicht fan de haven giet it dochs noch mis: troch allerhande tafallichheden kin der net navigearre wurde en foar't se it yn 'e gaten ha, smite de hege weagen de Sterke Yerke op de rotskust by Bonêre.
Gemaakt door: Omrop Fryslân Eerste aflevering: 18-07-2023
De podcast Sterke Yerke III heeft in totaal 5 afleveringen
Maker: Omrop Fryslân Datum: 25-04-2021
Disclaimer: De podcast (artwork) is geembed op deze pagina en is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast. Deze is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl. Voor reclamering dient u zich te wenden tot de eigenaar/ maker van deze podcast.