Yn 1979 stekke fjouwer jongkeardels út Fryslân mei in selsmakke flot de oseaan oer. It wurdt wrâldnijs: de tocht wurdt op de foet folge troch de nasjonale en ynternasjonale parse. De fjouwer avonturiers, Frits Riemersma, Leo van der Ploeg (ferstoarn yn maart 2021), Guus Schweigmann en Chris Schweigmann (ferstoarn yn novimber 2019) sille altyd ferbûn wurde oan de Sterke Yerke, de namme fan it flot. De kammeraten nimme in kassettedek mei en pakke geregeld de mikrofoan om te beskriuwen wat se meimeitsje. Thús yn Ljouwert nimt technikus Meindert van der Meulen alles op wat der mar oer de Sterke Yerke yn de media ferskynt: ynterviews yn aktualiteiteprogramma's op radio en telefyzje, nijsberjochten fan it ANP en ek telefoanpetearen dy't fierd wurde mei de manlju fia Radio Scheveningen. Oan de hân fan dizze orizinele audio makke programmamakker Geartsje de Vries fan Omrop Fryslân in rekonstruksje fan de legendaryske reis fan de Sterke Yerke III nei Kurasao. De Sterke Yerke III - in oseaan fan dreamen is in podcast fan Omrop Fryslân.
Gemaakt door: Omrop Fryslân Eerste aflevering: 18-07-2023
De podcast Sterke Yerke III heeft in totaal 5 afleveringen
Maker: Omrop Fryslân Datum: 25-04-2021
Disclaimer: De podcast (artwork) is geembed op deze pagina en is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast. Deze is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl. Voor reclamering dient u zich te wenden tot de eigenaar/ maker van deze podcast.