Training 3 8 x 3 minuten hurdrinne, tuskentroch 1 minút kuierje Hurdrincoach Jaring de Groot: "Wêrom ast fan hurdrinnen lokkich wurdst." Hurdrinne makket gelokkich! Endorfine is in stof dy't frijkomt by it hurdrinnen en dat jout in goed gefoel. Mar it kin ek psychiatrysk benadere wurde. De Amerikaanske psychiater Edward Hallowell hat skreaun datst fiif saken ûnderfine moast om gelokkich te wurden; ferbining, spul, oefening, masterskip en werkenning. • Sa gau ast begjinst mei hurdrinne bist ûnderdiel fan in groep (ferbining). Oare hurdrinners sille dy by de training groetsje en mooglik wurdst lid fan in ringroep. • Hurdrinne is in spul! Alles mei, neat moat. Do bepaalst wat der gebeurt yn tempo en de rjochting bygelyks. • En traine is neat mear as oefenje en fan oefenje wurde je wer better. It jout de minsk bertrouwen en rûtine. • Dan folget it masterskip. Ast it hurdrinne langere tiid dochst, dan fielst dy der goed yn wurden en bist der grutsk op. • Ast dan by de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber oer de finish komst, dan is der dy werkenning. Yn it foarste plak fan dysels, mar ek seker fan dyn famylje en kennissen. Dat makket dy echt gelokkich. Jaring de Groot
Gemaakt door: Omrop Fryslân Eerste aflevering: 30-07-2023
De podcast Fit mei Femke sûnder muzyk heeft in totaal 36 afleveringen
Maker: Omrop Fryslân Datum: 12-08-2015
Maker: Omrop Fryslân Datum: 19-08-2015
Disclaimer: De podcast (artwork) is geembed op deze pagina en is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast. Deze is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl. Voor reclamering dient u zich te wenden tot de eigenaar/ maker van deze podcast.