Training 1 3 x 4 minuten hurdrinne, tuskentroch 1,5 minút kuierje Hurdrincoach Jaring de Groot: "Tink om dyn technyk!" Alle minsken binne berne mei in unike wize fan rinnen. As bern wie it sa mar klear om te rinnen. Eins is dat no mei it hurdrinnen ek wer sa. Rin op dyn eigen wize. • Probearje wol dyn earmen yn in hoek fan 90 graden te lizzen en meitsje in los fûstkje. It moat net krampeftich wêze. Lit de earmen moai mei bewege mei de rest fan it lichem. • Probearje op in foar dy sa natuerlike wize hurd te rinnen. Probearje dêrby wol dyn holle rjocht te hâlden, dyn skouders wat ôfhingje te litten (ûntspanne) en sjoch foarút en net nei de grûn. Dêrtroch bliuwt it lichem moai rjochtop. • Meitsje foaral yn it begjin net de lange passen. Moaie lytse paskes. De measte hurdrinners komme earst op de hakke terjochte, dan komt it middenstik fan de skoech en dan einigje se mei de ôfset fan de grutte tean, dy't as lêste de fêste grûn ferlit. Belangryk is datst dy bewust bist fan dyn hâlding en troch in leech tempo te hantearjen kinst der ek oer neitinke. As it hurdrinprogramma dan wat fierder is, ferrint it gehiel ek wol wer wat soepeler. Jaring de Groot
Gemaakt door: Omrop Fryslân Eerste aflevering: 30-07-2023
De podcast Fit mei Femke sûnder muzyk heeft in totaal 36 afleveringen
Maker: Omrop Fryslân Datum: 24-06-2015
Maker: Omrop Fryslân Datum: 03-07-2015
Disclaimer: De podcast (artwork) is geembed op deze pagina en is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast. Deze is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl. Voor reclamering dient u zich te wenden tot de eigenaar/ maker van deze podcast.