Aflevering Wike 3 - Training 1

· Aflevering van de podcast: Fit mei Femke sûnder muzyk

Training 1 2 x 4 minuten en 2 x 3 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Jaring de Groot jout advys oer iten en drinken Goed iten is belangryk foar hurdrinners. Troch ynspanning stelst ekstra easken oan it lichem. Sûn iten is ûnder te ferdielen yn fiif groepen. De foar in soad minsken wol bekende 'skiif fan fiif'. Probearje alle fiif groepen yn dyn ytpatroan op te nimmen. Op dy wize bist wis datst it goeie oantal kaloryen en fiedingsstoffen binnen krigest. De skiif fan fiif bestiet út: koalhydrate setmoalprodukten(soargje foar enerzjy yn it lichem), aaiwytrike produkten (soargje foar werstel nei in training) suvelprodukten (ek foar de enerzjy en soarget foar sterke botten), fruit (soargje foar fitaminen en enerzjy) en grienten (soargje ek foar fitaminen en mineralen). Der is noch in seisde groep wêrûnder fetten, oaljes en sûkers falle, mar produkten út dizze kategory moatte mei mate brûkt wurde, omdat der in soad kaloryen ynsitte, mar mar in bytsje fiedingswearde. Wetter is de bêste drank yn de wrâld! It kostet eins neat, sitte gjin kaloryen yn, soarget foar de ôffier fan ôffalstoffen út it lichem en bestiet út belangrike mineralen. Foar dizze clinic is it fan belang om alle dagen genôch wetter te drinken. Dat is minimaal in liter en maksimaal twa liter. Gewoanwei is it net nedich om wetter mei te nimmen by de training. Mar is it hiel waarm, doch it dan wol. Dat kin yn de foarm fan in bidon of in spesjaal hurdrinfleske. Wetter is goed genôch. Yn dizze clinic is it net nedich om spesjale hurdrindranken of iten te nimmen. Dizze wike is it flink waarm en dochs wolst graach traine. Mar wat dochst no by tige waarm waar? Inkele tips: • Rin moarns of jûns, mar net oerdei en wis net om it waarmste punt fan tolve oere hinne. • Soargje by waarm waar datst goed drinkst yn it foar. Nim ek in bidon of in spesjale hurdrin-drinkflesse mei foar ûnderweis. En tink der foaral om om nei ôfrin genôch te drinken. • Rin net boppe de 25 graden en doch it by waarm waar wat stadiger oan. Probearje ek in wat boskrike omjouwing te sykjen mei wat skaad ynstee fan it iepen fjild wêr de sinne folop skynt. • Soargje datst dy goed ynsmarst me sinnebrânoalje en draach as it kin in hurdrinpet en in sinnebril. • Draach by it waarme waar klean dy't goed ademje kinne, sadatst dyn waarmte goed kwyt kinst. En draach gjin donkere klean, want dat nimt de waarmte op. • De hertslach sil 5 oant 15 slaggen heger wêze, omdat it bloed by waarm waar dikker is en it hert mear muoite hat om it rûn te pompen. Jaring de Groot

Speelgoedwinkel
Fit mei Femke sûnder muzyk

Fit mei Femke sûnder muzyk

Gemaakt door: Omrop Fryslân Eerste aflevering: 30-07-2023

De podcast Fit mei Femke sûnder muzyk heeft in totaal 36 afleveringen

Vorige aflevering

Wike 2 - Training 3

Wike 2 - Training 3

Maker: Omrop Fryslân Datum: 17-06-2015

Volgende aflevering

Wike 3 - Training 2

Wike 3 - Training 2

Maker: Omrop Fryslân Datum: 24-06-2015

Soortgelijke podcasts

Disclaimer: De podcast (artwork) is geembed op deze pagina en is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast. Deze is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl. Voor reclamering dient u zich te wenden tot de eigenaar/ maker van deze podcast.

Wike 3 - Training 1

Fit mei Femke sûnder muzyk · 24-06-2015

00:00 00:22:48