Training 3 3 x 2 minuten en 4 x 1 minút hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Klear foar de earste trainingswike? Hast ek de yntroduksje al trochlêzen? Doch dat wol, dêr sitte belangrike saken yn. Ik begjin hjir mei fiif tips. Fiif tips foar de earste trije wiken 1. Yn it trainingsprogamma wikselje we hurdrinne en kuierjen mei inoar ôf. It sykheljen wurdt wer wat rêstiger by it kuierjen en blessueres oan spieren en gewrichten as gefolch fan oerbelêsting kin sa foarkommen wurde. 2. Hâld dy yn it begjin net mei ôfstannen dwaande, mar allinnich mei tiid. Tempo is dus net fan belang. 3. Lis dysels de dissipline op om trije kear yn de wike te hurdrinne. Dit neffens it podcastprogramma. Dan allinnich boust ferantwurde kondysje op. It liket in protte en it freget meastentiids ek in omkear yn dyn leefpatroan. Mar do wolst dy 5 km helje en dan moat der ek wat gebeure. 4. It begjin is altyd dreech. Mar oan de ein fan de tredde wike komt der dochs belibbing by it hurdrinnen. Dyn enerzjyhúshâlding feroaret, do fielst dy fitter en nei alle gedachten silst sûner ite. 5. Snelheid by it hurdrinnen is moai, mar it rinnen freget nochal wat fan dyn spieren, sine (pees!), gewrichten, hert en bloedfetten. Soargje der foar dat de 5 km helber is sûnder te kuierjen. En nei 13 septimber kinst oan dyn snelheid wurkjen gean. Noch in pear nijsgjirrige ynternetsiden oer hurdrinne: www.runinfo.nl www.prorun.nl www.runnersweb.nl www.atletiek.nl www.sportzorg.nl Jaring de Groot
Gemaakt door: Omrop Fryslân Eerste aflevering: 30-07-2023
De podcast Fit mei Femke sûnder muzyk heeft in totaal 36 afleveringen
Maker: Omrop Fryslân Datum: 12-06-2015
Maker: Omrop Fryslân Datum: 17-06-2015
Disclaimer: De podcast (artwork) is geembed op deze pagina en is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast. Deze is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl. Voor reclamering dient u zich te wenden tot de eigenaar/ maker van deze podcast.