It gemak wêrmei hurdrinne beoefene wurde kin, makket de sport ekstra oantreklik. Rinskuon oan en hup, fuort bist. Ik moat earlik wêze; der komt mear by sjen foar datst dyn earste 5 km rinst. En ik bin der wis fan dat foar of by de earste meters der hiel wat fragen by dy opkomme. Moat ik begjinne mei kuierjen of fuort hurdrinne en hoelang? Moat ik tuskentroch ek kuierje. En as ik it hurdrinnen wer oppakke wol, moat ik dan ek wer by nul begjinne? Ik sil probearje om yn dizze 13 wiken op safolle mooglik fragen antwurden te jaan. Kin elkenien hurdrinne? Yn prinsipe wol, mar bist net wis fan dyn sûnens dan is it ferstannich om efkes mei dyn húsdokter te oerlizzen. Ek binne der tal fan plakken yn Fryslân dêr'st in sporttest dwaan kinst. Stel dysels in doel. Dat wurket. En dat doel is der; 5 km op de 'Simmer yn Fryslân-loop' op 13 septimber. Wês dy der wol bewust fan, dat dit hiel rêstich opboud wurde moat. Begjinnende hurdrinners kinst sjen as kij dy't nei de winter foar it earst wer de greide yn meie. Se wolle hiel entûsjast begjinne en dêr is fansels neat mis mei, mar dit moat net liede ta oerbelêsting en blessueres. Nim dêrom de tiid foar it trainingsprogramma en bou dyn kondysje stap foar stap op. Keapje goeie hurdrinskuon! En net op oare (sport)skuon rinne! Alle hobbys kostje jild, mar goeie hurdrinskuon binne fan grut belang en helpe om blessueres foar te kommen. Rin binnen by de hurdrinspesjaalsaak. Dy ha de kennis om dy in pear goeie skuon oan te mjitten. Jaring de Groot
Gemaakt door: Omrop Fryslân Eerste aflevering: 30-07-2023
De podcast Fit mei Femke sûnder muzyk heeft in totaal 36 afleveringen
Maker: Omrop Fryslân Datum: 12-06-2015
Disclaimer: De podcast (artwork) is geembed op deze pagina en is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast. Deze is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl. Voor reclamering dient u zich te wenden tot de eigenaar/ maker van deze podcast.