Patrick joech him op 'e leuning fan de túnbank del en sei: 'As ik it goed begrepen ha, is it oan ús om út te finen wat der noch oan dit rikeljusplak ûntbrekt om der in paradys fan te meitsjen. En dêr binne wy folslein eigen baas yn.' Ik knikte. 'Dat is wêr't it yn dit eksperimint om giet: sjen hoe moai de wrâld wurdt as seis jonge minsken dy nei eigen goedtinken ynrjochtsje.' Sietse de Vries skreau it koarte ferhaal 'Parkeare yn it paradys', oer in groep jongeren dy't de baas wurdt fan in grutte filla mei tún, kas en beamtegrien. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Sjoerd van Beem. Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Utsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Yn Boekekast 8 ferhalen, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
Gemaakt door: Omrop Fryslân Eerste aflevering: 20-11-2022
De podcast Boekekast heeft in totaal 32 afleveringen
Maker: Omrop Fryslân Datum: 27-05-2022
Maker: Omrop Fryslân Datum: 10-06-2022
Disclaimer: De podcast (artwork) is geembed op deze pagina en is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast. Deze is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl. Voor reclamering dient u zich te wenden tot de eigenaar/ maker van deze podcast.