'Op 'e moaie dagen kaam Lútzen by har lizzen, socht in plakje yn har hals. Earst fielde it kribeljen fan de fearkes tsjin har hûd frjemd oan, mar it waard al gau eigen. Lútzen fertroude har, woe by har wêze en sy hie wer ien om har leafde oan te jaan.' Berber Bouma skreau it koarte ferhaal 'Wjukken', oer in frou dy't har man ferlern hat. De frou siket tenei leafde en gelok by har parkyt. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Tet Rozendal. Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Boekekast bringt acht ferhalen as podcast, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
Gemaakt door: Omrop Fryslân Eerste aflevering: 20-11-2022
De podcast Boekekast heeft in totaal 32 afleveringen
Maker: Omrop Fryslân Datum: 08-05-2022
Maker: Omrop Fryslân Datum: 27-05-2022
Disclaimer: De podcast (artwork) is geembed op deze pagina en is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast. Deze is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl. Voor reclamering dient u zich te wenden tot de eigenaar/ maker van deze podcast.